Foto's fan en troch jeugd

12 maaie 2007 - 16:22
  • Iepening foto-útstalling troch jeugd
  • Ien fan de foto's fan de eksposysje

Yn de Drachtster wyk De Venen binne fan sneon ôf foto's fan jongeren te sjen. Dat bart yn it ramt fan de wedstriid Hang Around. Tsien groepen jeugd út hiel Nederlân litte sjen dat se mear dogge as op strjitte omstippe. Yn Drachten hawwe se bygelyks foto's fan de eigen wyk makke. Dy foto's binne no te besjen.

Op sneon 23 juny wurdt bekendmakke hokker groep it bêste projekt betocht hat foar de eigen wyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)