Iepen dei Marwei folboekt

12 maaie 2007 - 16:13

Op 'e lanlike iepen dei foar finzenissen wie de ekskurzje yn De Marwei folboekt. It Ljouwerter gefang krige 360 sjoggers op besite. Se mochten in part fan de finzenis besjen. It giet dan om plakken dêr't de detinearden wurkje en rekreearje.

De iepen dei soarge foar wat lytse oanpassings foar de detinearden. Sa waarden yn guon gefallen de luchttiden ferskood. Der wie ek in soad belangstelling fan bûten de provinsje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)