Jeu de boules yn Surhústerfean

© Omrop Fryslân
Yn Surhústerfean is sneon in jeu de boules-baan iepene. De earste bal waard smiten troch de krekt beneamde boargemaster fan Achtkarspelen, Van der Zwan. Dêrnei spilen trije wethâlders in potsje tsjin de trije frijwilligers dy't de baan oanlein hawwe.
De baan leit op 'e hoeke Langeleane en de Taeke Schuilingaleane. Provinsje, gemeente en pleatslike ûndernimmers hawwe meibetelle oan 'e baan.