Libellereservaat yn Wyldemerk

12 maaie 2007 - 12:35

Yn natuergebiet De Wyldemerk by Balk is sneontemoarn it earste libellereservaat fan Nederlân iepene. Yn it gebiet binne acht puollen en lytse wetterkes dêr't 34 ferskate libellesoarten libje. Op panelen is te lêzen en sjen hokker soarten by de puollen foarkomme.

It inisjatyf komt fan de Vlinderstichting en de Fryske wurkgroep De Hynstebiters. De oanlis kostet 150.000 euro.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)