Eastermar klear foar toerist

11 maaie 2007 - 21:08

De nije rekreaasjehaven yn Eastermar moat tsien kear safolle toeristen nei it doarp ta helje. Dy ambysje waard freed útsprutsen by de offisjele iepening fan de haven. Dêryn is romte foar in lytse hûndert boaten, en derneist is der ek in iisbaan en in kuierpaad.

Der is njoggen jier wurke oan de plannen. Eastermar ferwachtet in soad nije besikers te lûken mei de nije haven.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)