Jild foar âlde doarpskafees

© Omrop Fryslân
De provinsje moat jild stekke yn it ûnderhâld fan âlde doarpskroegen. Dat fynt boargemaster Liemburg fan de gemeente Littenseradiel. Se sei dat freed by de iepening fan it nije multifunksjonele sintrum yn Winsum. Neffens har soe dat de rêding wêze kinne fan in soad kafees.
Hieltyd mear doarpskroegen gean ticht omdat de omset minimaal is. As se wer wat oantrekliker makke wurde, kin dat mooglik foar in ommekear soargje.