Nije boeken oer Stellingwerven

11 maaie 2007 - 16:18

De skiednis fan de doarpen Alde- en Nijeholtwâlde, Nijeholtpea en Teridzert is werom te finen yn trije boeken. De boeken jouwe yn ferhalen en foto's in byld fan wat der yn de doarpen barde tusken 1900 en 2005.

It inisjatyf foar de boeken komt fan streekhistorikus Gerrit de Vries. Neidat hy twa jier ferlyn ferstoar, makke syn frou Anneke tegearre mei Wolte Nijholt de boeken ôf. Freed waarden de boeken presintearre.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)