Ferfier iepenbier oanbestege

De provinsje giet troch mei it oanbesteegjen fan it iepenbier ferfier
De provinsje giet foarearst troch mei it oanbesteegjen fan it iepenbier ferfier yn dielen fan Fryslân. Ek no't it Europeesk Parlemint bepaald hat dat it net ferplicht wurdt om it ferfier iepenbier oan te besteegjen.
Nederlân wie der fanút gien dat Europa it iepenbier oanbesteegjen wol ferplichtsje soe en hat it dêrom al ynfierd. Oant bekend is wat Nederlân no dwaan sil, giet de provinsje troch mei it oanbesteegjen.