Gemeenteried Snits op strjitte

11 maaie 2007 - 10:56

Foar de tredde kear giet de gemeenteried fan Snits de strjitte op. Dat dogge se tiisdei op de jiermerk. De ried wol dêr te witten komme wat de Snitsers dwaande hâldt en wat se ferwachtsje fan de polityk.

De riedsleden sitte yn iepen húskeamers, dêr't elkenien oanskôwe kin foar in bakje kofje en in praatsje. Nij is dit jier dat ek de jongerenadvysried der by sit, om sa ek jongeren by de polityk te belûken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)