Oerfal snackbar Boalsert

© Omrop Fryslân
De plysje siket in man dy't tongersdei in snackbar oan de Snekerstraat yn Boalsert oerfallen hat. De man kaam de saak nei slutingstiid yn fia de efterdoar. Hy easke jild fan de twa meiwurksters en bedrige har dêrby mei in grut mes. Uteinlik naaide er út mei de ynhâld fan de kassa.
De warskôge plysje hat nei de oerfal de omjouwing ôfsocht, mar de man net fûn. It ûndersyk krijt dêrom freed in ferfolch.