Ekstra jild foar Koornbeurs

© Omrop Fryslân
It nije seizoen fan De Koornbeurs yn Frjenstjer is foarearst feilich steld. De gemeenterie hat tongersdei besletten om it teater 150.000 euro te jaan. Dat docht de rie omdat it fynt dat it giet om in wichtige kulturele foarsjenning.
De gemeente wol wol dat der in goed plan komt, dêr't yn stiet hoe't it de kommende jierren moat mei it teater. De Koornbeurs sit al langer yn swier waar en hat de gemeente om help frege.