Undersyk sâltwinning letter

11 maaie 2007 - 09:53

Net earder as nei de simmerfakânsje komt der in ynformaasjejûn oer de grûndelgong yn noardwest-Fryslân. Dat waard tongersdei dúdlik by de gemeenteriedsgearkomste. Der is mear tiid nedich om ûndersyk te dwaan nei de effekten fan gaswinning yn it sâltwingebiet. Ein juny sil der opnij oerlis wêze tusken de partijen.

It Wetterskip Fryslân is al wol oan de gong mei in herstelplan. Dat giet út fan it worst case-scenario.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)