Berltsum wol farrende feiling

10 maaie 2007 - 22:33

In farrende feiling moat yn de takomst ekstra toeristen nei Berltsum helje. It is ien fan de plannen fan Pleatslik Belang yn de tongersdei presentearre doarpsfisy. Op de feiling soe allerhande guod dan fia in klassike feilingklok ferkocht wurde moatte en soe komme moatte oan de Berltsummerfeart om oan te slúten by de alvestêde-farroute. Oare plannen binne in winkelsintrum, in sporthal en 220 nije huzen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)