Nij ûndersyk gemeente Harns

nij ûndersyk nei de finânsjes fan de gemeente Harns
Der moat in nij ûnôfhinklik ûndersyk komme nei de finansjele posysje fan de gemeente Harns. Dat skriuwt de rekkenkeamer yn in brief oan de riedsleden. De rekkenkeamer luts de konklúzje dat wethâlder Waaijer de ôfrûne tiid tefolle jild oerhâlden hat. Waaijer akseptearre dy krityk net en stapte woansdei op.
De gemeente hat trijetûzen euro per ynwenner yn de algemiene reserve wylst de noarm leit op sa'n túzen euro.