Asbest Ljouwerter boarterstún

Der is asbest foen by in Ljouwerter boarterstún
Yn de boarterstún by it Menno van Coehoornpark yn Ljouwert is asbest fûn. Yn oktober 2005 wie by wurksumheden al asbest fûn, mar doe foel it binnen de noarm. Der binne doe wol maatregels nommen om kontakt mei it materiaal foar te kommen.
No is der wer in melding binnenkommen en is in stik fan de boarterstún ôfsetten. Der is ek neier ûndersyk dien, de resultaten dêrfan binne op dit momint noch net bekend.