Wurk Aquaverium yn Sina
It Aquaverium yn Grou giet in Sina oan it wurk. De wurknimmers sille dêr in wettersportgebiet ûntwikkelje. Dat leit yn de provinsje Xiamen, mei sechstich miljoen ynwenners.
Yn Sina binne net folle wettersportfassiliteiten. It regear hat altyd ferbean om by de kust te bouwen. Foar it Aquaverium smyt de opdracht tsientûzenen euro's op.