Fosforbom yn Nijehoarne

© Omrop Fryslân
Oan 'e Bûtenwei yn Nijehoarne is tongersdei by graafwurksumheden in fosforbom fûn. Hy waacht 7 kilo en lei bedobbe op in hiem. It eksplosyf komt nei alle gedachten fan in Ingelske bommewerper, dy't yn de oarloch op dat plak delstoart is.
De eksplosive-oprommingstsjinst EOD hat de bom fuortendaliks ûnskealik makke. Dat barde yn in stik greide yn de Tsjongerfallei.