'Omrinoven kin wol lytser'

Omrin wol enerzjy opwekke
De gemeente Dongeradiel fynt dat Omrin by Harns in lytsere ferbrâningsoven bouwe moat as no pland. Dat waard dúdlik yn in kommisjegearkomste. Der moat ynset wurde op minder ôffal en dêrom kin de oven wol lytser. Mocht Omrin foar in grutte ferbrâningsoven kieze, dan stimt Dongeradiel mooglik tsjin dy bou.
Omrin wol mei de oven enerzjy opwekke, dy't ûnder oare ferkocht wurde kin oan sâltfabryk Frisia yn Harns.