Lûdsoerlêst fan Romein

10 maaie 2007 - 13:02
  • Der komme apparteminten njonken Romein

It fuortbestean fan Poppoadium Romein yn Ljouwert komt yn gefaar. Njonken it teater komme apparteminten yn it Patershûs. De gemeente is benaud foar lûdsoerlêst en hat dêrom mjittings dwaan litten. Der wiene plannen om Romein te ferbouwing, mar dat giet no foarearst net troch.

Fan 't hjerst moatte de apparteminten klear wêze. De iepening op 28 septimber wurdt no nei alle gedachten net helle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)