Kopertried fan dak stellen

10 maaie 2007 - 11:32

Fan it dak fan in ynstelling oan de Ljurk yn Dokkum is goed 200 meter kopertried stellen. It koper waard brûkt as tongerlieder. Wannear't de stellerij krekt west hat, is net bekend. De fermissing waard de ôfrûne dagen ûntdutsen.

It kopertried hat in wearde fan inkelde tûzenen euro's. In 56-jierrige ynwenner fan Ternaard hat oanjefte dien fan de stellerij.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)