Wethâlder Harns stapt op

09 maaie 2007 - 22:30
  • Piet Waaijer net langer wethâlder

Piet Waaijer is woansdeitejûn opstapt as wethâlder fan de gemeente Harns. Oanlieding is in kritysk rekkenkeamer-rapport oer it finansjeel belied fan de ôfrûne jierren. CDA-wethâlder Waaijer wie lang ferantwurdlik foar dat belied.

Neffens Waaijer is it rapport op in 'klunzige' wize ta stân kaam. Hy wol lykwols net wachtsje op behanneling fan it rapport troch de rie. Waaijer wie 13 jier wethâlder.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)