Hearrenfean wint fan Ajax: 1-0

SC_Hearrenfean hat woansdei yn it Abe Lenstrastadion mei 1-0 fan Ajax wûn. Lasse Nilsson skoarde yn de earste helte de iennichste goal op in foarset fan Afonso Alves. Hearrenfean wie benammen yn de earste helte stikken sterker as Ajax, dat hielendal net oan oanfallen ta kaam.
Ajax ferlear in soad duels op it middenfjild. Ajax krige yn 'e twadde helte noch wol in pear kânsen, mar de bêste kânsen wiene foar Hearrenfean.