EK-bokaal feilich oankommen

© Omrop Fryslân
Op it gemeentehûs fan It Hearrenfean is woansdeitemiddei de beker fan it EK-fuotbal ûnder 21 jier oerlange oan wethâlder Van der Laan. De iepeningswedstryd fan it EK is op 10 juny yn it Abe Lenstra Stadion.
Op alle woansdeis kinne minsken yn it gemeentehûs mei de beker op de foto. Yn it Willem van Haren museum is de beker yn juny ek noch te bewûnderjen by in spesjale útstalling oer sport op It Hearrefean.