Fergunnings hânkokkelfiskers

09 maaie 2007 - 15:11

Der moatte net mear fergunningen jûn wurde oan hânkokkelfiskers. De feriening fan hânkokkelfiskers is benaud dat se it oars wer oan de stôk krije mei de Waadferiening.

De kokkelfiskers en de Waadferiening hiene mei elkoar ôfpraat dat der alle jierren tweintich fiskers aktyf binne op it Waad. Mar no't de meganyske kokkelfiskerij ferbean is, wolle de fiskers dy't dêr earder aktyf yn wiene, ek mei de hân fiskje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)