Projekten socht foar eilannen

09 maaie 2007 - 14:55

It projektburo Plattelânsprojekten Waadeilannen yn Frjentsjer siket minsken mei duorsume plannen dy't te krijen hawwe mei natuer, lânbou, lânskip, kultuerhistoarje en toerisme.

De projekten kinne subsydzje krije mei help fan it projektburo. Foarhinne binne sa bygelyks de Doarpsstrjitte op Flylân en de jachthaven fan Skier- mûntseach opknapt. Oare foarbylden binne in fyts- en kuierrûte op Skylge en de museumhaven fan It Amelân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)