Fiskers kontrolearje fiskers

09 maaie 2007 - 14:38

Sportfiskers sillen tenei sels kontrolearje oft oare fiskers har wol oan de regels hâlde. De sportfiskfederaasje Fryslân hat dêr 25 frijwilligers foar oansteld. Dy wurde begelaat troch fiif bûtengewoan opspoaringsamtners (boa's).

Om't de fiskerijwet wizige is, moat de federaasje no sels yn de gaten hâlde oft de leden har wol oan de regels hâlde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)