500 miljoenste skearapparaat

By Philips Drachten is woansdei it 500 miljoenste elektryske skearapparaat produsearre. 68 jier ferlyn waard it earste makke yn Eindhoven, sûnt 1950 bart dat yn Drachten en fan begjin jierren '90 ek yn in fabryk yn Sina.
Fabryksdirekteur Conijnenberg makke oan de meiwurkers dúdlik dat ek de 600 miljoenste oer in pear jier mei makke wurde sil yn Drachten. Ýnkoarten bringt Philips wer twa nije typen skearapparaten op'e merk.