Wûnen ChristenUnie noch farsk

Piet Adema
It sil noch wol in skoft duorje foardat de rêst binnen de ChristenUnie wer hielendal werom is. De wûnen by de steatefraksje en de partij binne no noch te farsk. Dat seit foarsitter Jan Greving fan de ChristenUnie.
Moandei waard bekend dat kandidaat deputearre Sicko Boorsma plak meitsje moast foar Piet Adema. Dat barde op oantrunen fan CDA en PvdA mei wa't de ChristenUnie it nije provinsjebestjoer foarmje sil.