Ljouwert posityf oer ôffaloven

09 maaie 2007 - 11:14

De kommisje bestjoer en middels fan de gemeente Ljouwert advisearret posityf oer de bou fan in ôffaloven by Harns. Offalferwurker Omrin wol dêr in reststoffe-enerzjysintrale bouwe. Dêryn wurdt smoargens ferbaarnd om enerzjy te winnen.

De Fryske gemeenten binne oandielhâlder fan Omrin. Om't de plannen foar de ôffaloven in soad diskusje opsmite, nimme de gemeenten dêr in stânpunt oer yn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)