Hollânske oersetting Oerpolder

09 maaie 2007 - 10:54
  • Skriuwer Hylke Speerstra

Tiisdei hat Hylke Speerstra de Hollânske oersetting fan syn boek de Oerpolder mei in lêzing presintearre by boekhannel Van der Velde yn Snits. De fertaling komt dus in jier letter nei de Fryske útjefte. It is gjin letterlike fertaling, sei Speerstra, der stean ek oare ferhalen yn.

Hy is op dit stuit dwaande mei de tweintichste ieu fan it boerelibben yn It Heidenskip. Hy hopet de twadde Oerpolder yn 2009 út te bringen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)