Fergunningbelied noch ûndúdlik

Likegoed binne der faak wol fergunnings nedich (foar ûnder oare it skinken fan alkohol)
De organisatoren fan doarpsfeesten yn Littenseradiel ha sûnt 1 maart gjin evenemintefergunning mear nedich. Mar de ûndúdlikheid is der net minder om.
Mei de nije algemiene pleatslike feroardening woe de gemeente it ienfâldiger meitsje foar de doarpsfeestfrijwilligers. Likegoed binne der faak wol fergunnings nedich, lykas foar de brânfeiligens, it skinken fan alkohol en ferlottingen. De gemeente hat al in soad fragen hân.