Mear Belgen komme op fakânsje

Mear Belgen komme nei Nederlân
It giet noch folle better mei it toerisme yn Fryslân as de organisaasje Fryslân Marketing al tocht. Yn 2006 hawwe 13% mear toeristen te gast west. Opfallend is de groei fan it tal gasten út Flaanderen.
Yn in jier tiid is it tal besikers út België mei 57% tanaam. Tusken 2000 en 2004 belibbe it toerisme yn Fryslân meagere jierren, mar troch de trend om koarter, mar faker op fakânsje te gean sit de groei der no wer yn.