Heechlanners nei Letlân

Skotse heechlanners
Sa'n 50 Skotske_heechlanners út Fryslân, Drinte en Grinslân sille tongersdei nei in grut natuergebiet yn Letlân ferhúzje. De bisten út Fryslân komme út it Rasterhofpark yn Snits en de Ljouwerter Bosk.
De Skotske heechlanners wurde útset yn Letse lânbougebieten dy't folslein ferwyldere binne. Doel is om der wer natuergebieten fan te meitsjen, dy't geskikt binne foar toeristen.