Soargen oer oar plan-Saailân

Der binne soargen oer it plan-Saailân
Undernimmers yn it Ljouwerter winkelsintrum Saailân meitsje harren grute soargen oer de nije planning foar de ferbouwing. Dy rint oars as de ûndernimmers tochten. Dêrtroch sitte de ûndernimmers langer yn de bouwurksumheden. Dat soe net goed wêze foar de ferkeap.
De nijbou foar it Frysk_Museum set net earder as yn 2010 útein. De ferbouwing fan it winkelsintrum sil dêrtroch ek oars ferrinne.