Opsterlân knapt kanaal op

08 maaie 2007 - 11:33

It Polderhoofdkanaal wurdt diels eigendom fan de gemeente Opsterlân. De gemeente nimt it kanaal oer fan it Wetterskip Fryslân. De oerdracht is nedich fanwege de grutte opknapbeurt dy't pland stiet foar it kanaal.

De farwei tusken De Feanhoop, Nijbeets en De Ulesprong wurdt wer befarber makke. Doel is dat ek de gemeente Smellingerlân in stik fan it kanaal yn eigendom krijt. Smellingerlân nimt dêr nije wike in beslút oer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)