Kramer(FNP) teloarsteld yn CDA

Johannes Kramer: net wolkom yn it nije kolleezje
De FNP hat foar it CDA nea in serieuze opsje west as tredde partij yn it kolleezje fan Deputearre_Steaten. Dat seit fraksjefoarsitter Johannes_Kramer fan de FNP. Kramer is swier teloarsteld en fielt him oan it lijntsje hâlden troch de kristen-demokraten. It CDA soe gjin 'betrouwen' yn de FNP hawwe.
Kramer lûkt gjin persoanlike konsekwinsjes út it ferlies fan syn partij, hy bliuwt fraksjefoarsitter.