Pas op mei útfeartfersekering
De federaasje fan útfeartferienings Fryslân warskôget foar in fersekeringsmaatskippij dy't seit út namme fan har leden fersekeringen oan te bieden. Dizze ôfspraak bestiet nammentlik hielendal net.
De fersekering dy't oanbean wurdt kin der sels foar soargje dat gjin gebrûk mear makke wurde kin fan de tsjinsten fan de feriening. De federaasje dy't 200 leden hat yn hiel Fryslân, hat in ôfspraak mei ien inkelde fersekerder.