Undersyk brân LPF foardert rap

08 maaie 2007 - 09:55

De plysje hopet frij gau útslútsel jaan te kinnen oer de brân yn it leechsteande eardere papierfabryk yn Ljouwert. Op woansdei 18 april bruts brân út by de LPF oan de Tesselschadestrjitte. Troch rap yngripen koe de brânwacht foarkomme dat der hiel grutte skea ûntstie.

Ut technysk ûndersyk die bliken dat it frijwol wis om brânstichting giet. Tsjûgen hawwe jonges fuortrinnen sjoen op it momint fan de brân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)