Jildaksje swimfiver Slappeterp

07 maaie 2007 - 23:43

De inisjatyfnimmers efter de nije swimfiver De Swanneblom by Slappeterp, net sa fier fan Menaam, begjinne in donateursaksje om út de kosten te kommen. Dy fiver is foar mear as 100.000 euro oanlein, as fergees alternatyf foar it swimbad yn Menaam.

De eigners fan de fiver rekkenje op rûchwei 400 donateurs. Dy moatte op syn minst 25 euro betelje. Heal juny giet de nije fiver offisjeel iepen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)