Run op kaarten Oerol

Al wer in run op de kaartsjes foar bysûnder teater op Oerol ....
De kaartferkeap fan Oerol fia ynternet is moandei úteinset. Foar it earst kinne foar fjouwer foarstellings kaarten fia ynternet besteld wurde. It wie moandei al sa drok op de site, dat it systeem der al gau út lei. Dizze wike is de ferkeap foar de freonen, fan nije wike ôf ek foar oaren.
De kaartferkeap foar de oare foarstellings is lykas wenst op it festivalterrein. It Oerolfestival is dit jier fan 15 oant en mei 24 juny.