Fraach nei senioaren

07 maaie 2007 - 14:08

De tanimmende krapte op de arbeidsmerk soarget foar drokte by it útstjoerburo Oudvit op It Hearrenfean. Oudvit rjochtet him op it pleatsen fan senioaren yn de leeftiid fan 50 plus. It útstjoerburo is fjouwer jier lyn úteinsetten.

Oant no ta is Oudvit it iennige buro yn Fryslân dat him op de senioaremerk rjochtet. It buro ferwachtet in grutte groei, omdat de fraach nei senioaren hurd tanimt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)