Tsjûgen slim ûngelok socht

De Wedze: in smel dykje...
De plysje is op syk nei minsken dy't sneontemoarn tsjûge west ha fan in ûngefal op de dyk tusken Twizel en Kollumersweach. In 49-jierrige ynwenner fan Westergeast rekke dêrby slim ferwûne en leit yn koma yn it sikehûs fan Grins.
Wat der krekt bard is dy moarn is ûndúdlik. Nei in ynhelmanoeuvre krigen bestjoerders fan twa auto's spul. It slachtoffer waard dêrby oanriden.