Stille tocht Salvatortsjerke

De Salvatortsjerke organisearret in algemiene 'stille tocht'
De evangelyske gemeente Salvator yn Ljouwert hâldt tongersdei in stille tocht troch de stêd. De tsjerkemienskip wol dêrmei ûnder oare omtinken freegje foar alle Ljouwerters dy't libje yn iensumheid, in depresje ha of ferslaafd binne.
De tsjerke wol dizze minsken mei de tocht hope en treast jaan. Eltsenien kin meirinne yn de tocht. Oant no ta ha sa'n hûndert minsken har oanmeld.