Ruterskertier wurdt smeller

07 maaie 2007 - 09:20
  • Der wurdt wurke by it gerjochtshôf ...
  • .... en by De Harmonie

Yn Ljouwert is moandeitemoarn begûn mei de werynrjochting fan it Ruterskertier. De eardere trochgeande route troch de binnenstêd is sûnt 15 jannewaris ôfsletten mei beweechbere pealtsjes, mar in soad automobilisten begripe de nije situaasje net en ride dochs oer de pealtsjes. It gefolch: in soad skea.

De werynrjochting moat 20 july klear wêze. De dyk wurdt smeller makke en de stoepen breder. Ek yn de takomst bliuwt it Ruterskertier ôfsletten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)