Berkepas wint yn Frjentsjer

06 maaie 2007 - 17:49

It partuer fan Klaas Berkepas hat de frijeformaasjepartij yn Frjentsjer wûn. Tegearre mei Pieter Scharringa en Daniël Iseger wûn Berkepas mei 5 om 5 en 6-0. Se stiene yn de finale tsjinoer Jochum Bouma, Jan Willem van Beem en Douwe Groenendijk.

De tredde priis wie foar Rutmer van der Meer, Jacob Wassenaar en de bylotter Folkert van der Weij. Achterynse Daniël Iseger waard útroppen ta kening fan de partij.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)