Snits ek oar jier haadklasser

06 maaie 2007 - 16:46

VV Snits spilet ek takom jier yn 'e sneinshaadklasse C. Mei tank oan in 4-0 oerwinning op ROHDA Raalte stelden se hanthaving feilich. Theo Ydema iepene yn de earste helte de skoare. Yn de twadde helte makke Raymond Bosch in eigen goal en skoarden Lútzen Brink en Kevin Koenen.

De Jouwer, dat al degradearre is, ferlear thús mei 1-2 fan Lienden. Nei in 0-2 skoftstân benutte Oebele Schokker yn de twadde helte in penalty.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)