BZN nimt ôfskie fan Fryslân

06 maaie 2007 - 16:15

Goed twatûzen minsken hawwe sneontejûn yn it WTC-Expo yn Ljouwert ôfskie nommen fan BZN. De band is dwaande mei in ôfskiestournee en wie foar it lêst yn Fryslân te sjen. It konsert wie bysûnder, want freed ferstoar Jacques Hetsen, ien fan de managers fan 'e popgroep.

Fans wiene al benaud dat it konsert net trochgean soe. Guon besikers seine wol dat se de tebeksetter oan 'e band fernimme koene.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)