Man ferwûne by spul op dyk

06 maaie 2007 - 14:16

By in rûzje tusken twa automobilisten by Twizel is sneon in man út Westergeast (49) slim ferwûne rekke. Hy wie by it ynheljen yn botsing kommen mei de wein fan in man út Ie.

By de wurdenwikseling dy 't folge soe de Westergeaster de bestjoerder skopt ha. De Iester (51) ried doe mei syn auto achterút en rekke him. Hy leit mei in skedelbasisfraktuur yn it sikehûs fan Grins.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)