Stellerij út skiphûs yn Grou

© Omrop Fryslân
Ut in skiphûs yn Grou is in rubberboat mei bûtenboatmotor en in losse bûtenboatmotor stellen. De stellerij oan de Oedsmawei fûn plak tusken sneon in wike ferlyn en ôfrûne sneon.
De boat is fan it merk Zodiac en hy is griis fan kleur. De 6 pk Mariner bûtenboatmotor oan de rubberboat is ek griis. De oare oanhingmotor is in grize Honda fan 15 pk. Beide eigners út Grou hawwe oanjefte dien.