Befrijingsfestival minder drok

06 maaie 2007 - 12:40

It befrijingsfestival yn Ljouwert hat minder minsken lutsen as ferline jier. Neffens de organisaasje wiene der sneon tusken de 55.000 en de 60.000 minsken. In jier earder kamen der goed 70.000 minsken op ôf.

It legere tal besikers komt net hielendal as in ferrassing. Ferline jier hie Ljouwert de iepener fan 'e nasjonale befrijingsdei en dat luts doe ekstra besikers. Takom jier komt der in poadium by.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)